29/08/2026
LYTSE POPPE KRIGEN? DAN MEIST IN TAALKADO OPHELJE!
Do krigest it Taalkado foar dyn berntsje asto oanjefte dochst fan de berte by ien fan de Fryske gemeenten (mei útsûndering fan gemeente Weststellingwerf en de Waadeilannen). Fynt de berte-oanjefte plak oan de baly fan it gemeentehûs, dan sil de amtner fan de boargerlike stân dy, nei de formaliteiten, it Taalkado útrikke. Dochst digitaal berte-oanjefte, dan kinst it Taalkado op in letter momint, as it dy útkomt, ophelje by dyn gemeente. Mear ynfo: https://heitenmem.frl/het-taalkado/